LDODK giet lang lykop, mar ferliest oan de ein

21 feb 2016 - 17:40
  • Erwin Zwart

Kuorbalklup LDODK is snein tsjin in nederlaach oanrûn yn de eigen sporthal Koartsweagen tsjin Fortuna. LDODK ferlear mei 23-19. De twa ploegen wiene oan elkoar weage. De rêststân wie 12-10 yn it foardiel foar de ploech út Delft.

It gat waard lykwols nea grutter as trije punten en op 14-13 pakte LDODK sels in foarsprong. It ferskil waard dêrnei lang net grutter as ien punt, mar yn de einfaze rûn Fortuna dochs út nei de oerwinning. Troch it ferlies stiet LDODK no op it fyfde plak mei tolve punten út 13 wedstriden.

In plak by de earste fjouwer smyt oan de ein fan dit seizoen in plak by de play-offs op. Dat soe foar de ploech foar it earst yn de histoarje wêze. Der binne noch fiif wedstriden te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)