LDODK ferspilet winst yn twadde helte, krúsfinale net wis

30 maaie 2015 - 21:58

De kuorballers fan LDODK krigen sneontejûn op De Gordyk in geweldige tebeksetter. In lyk spul tsjin leechfleaner OVVO wie genôch om de krúsfinale te heljen. Yn de earste helte like it twadde plak yn de eareklasse A ek helber. By it skoft stie LDODK op in 10-6 foarsprong. It waard noch 13-7, mar dêrnei kaam it op 'e kop ferkeard. OVVO slûpte tichteby en nei 15-15 wûn de ploech út Maarssen mei 17-15. Moarn komt konkurrint Fortuna yn aksje. Wint dy ploech fan nûmer lêst Nic, dan sit it seizoen foar LDODK derop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)