LDODK ferliest iepeningwedstriid yn kuorbal league

22 nov 2014 - 23:13
  • Blau Wyt-LDODK
  • Blau Wyt-LDODK
  • Blau Wyt-LDODK

De kuorballers fan LDODK ha de earste wedstriid fan it nije seizoen yn de kuorbal league ferlern. Yn Amsterdam wie Blau-Wyt nei in spannende wedstriid úteinlik mei 24-22 te sterk.

Beide ploegen lieten elkoar net fier fuortrinne. By rêst wie it 10-8 foar de ploech út De Gordyk. It ferskil waard nea grutter as twa punten. Oant 20-20 koe it noch alle kanten op. Blau Wyt kaam op 22-20, mar it waard wer lyk. Mei noch oardel minút te gean kamen de Amsterdammers op 24-22 en dat gat koe LDODK net mear tichtmeitsje.

Yn de haadklasse koe SCO de twadde winst byskriuwe. Yn Hurderwyk waard Unitas mei 22-20 ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)