LDODK ferliest fan Tempo

31 mrt 2012 - 21:35

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn de twadde wedstriid yn de krúsfinale mei 22-19 ferlern fan Tempo. By it skoft hie de formaasje fan Gerald Aukes noch in minimale foarsprong: 10-9. Nei de rêst gie it mis mei LDODK. Fia 17-14, 19-17 en 21-17 rûn Tempo út nei in oerwinning fan 22-19. Beide ploegen hawwe no ien wedstriid wûn en dat betsjut dat der kommende tiisdei in beslissingswedstriid komt. Dy wurdt wer spile yn Alphen aan den Rijn. Yn de oare pûl is de finalist al wol bekend. OVVO wie oer twa wedstriden te sterk foar Eibernest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)