LDODK ferliest fan Dalto en sakket op ranglist

17 feb 2016 - 23:06
  • André Zwart

De kuorballers fan LDODK hawwe woansdei in flinke opdonder krigen troch yn Driebergen mei 27-21 te ferliezen fan Dalto. LDODK moast de hiele jûn yn de efterfolging. De ploech út Terwispel en De Gordyk hat net ien kear in foarsprong hân. Healwei wie it gatsje noch mar trije punten: 16-13. Yn de twadde helte koe de thúsploech de foarsprong stadichoan grutter meitsje. Earder dit seizoen wûn LDODK yn sportsintrum Koartsweagen noch mei 30-18.

LDODK sakke troch it ferlies ien plak op de ranglist yn de kuorbal league. De ploech stiet no fiifde.

Snein spilet LDODK thús tsjin Fortuna út Delft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)