LDODK en SCO winne beide

13 feb 2011 - 17:48

De kuorballers fan LDODK út Terwispel/ De Gordyk hawwe de kopposysje wer oernaam yn de haadklasse A. LDODK wûn snein mei 28-17 fan AKC út Almelo. Trochdat OVVO, de konkurrint foar de kopposysje, sneon al ferlear, koene de manlju en froulju fan trainer Gerald Aukes mei dizze oerwinning twa punten útrinne. De Fryske haadklasser hat wol in wedstriid mear spile.

Haadklasser SCO út Aldeholtpea wûn ek. Sy setten VADA yn Wageningen mei 22-18 oan 'e kant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)