LDODK einiget fjild op 3e plak

02 jun 2013 - 18:33

De kuorballers fan LDODK ha har lêste fjildwedstriid ôfsletten mei in nipte 16-15 oerwinning op Wageningen. Op eigen fjild holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. By rêst stie der in 8-8 tuskenstân op it boerd. Ek yn de twadde helte gong de skoare lyk op, mar wie it úteinlik de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool dy't oan 'e langste ein luts. LDODK klimt troch de winst nei it 3e plak yn de haadklasse A.

Mid Fryslân einige de kompetysje mei in 12-14 ferlies tsjin Groen Geel. De ploech fan trainer Arjan Kreeft fine we werom op it 5e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)