LDODK bliuwt yn kuorbal league

23 mrt 2013 - 21:36
  • LDODK

LDODK krige sneontejûn yn Sassenheim in flink pak op 'e bealch fan TOP, mar is takom seizoen wol wer wis fan kuorbal op it heechste nivo yn de kuorbal league. Thúsploech TOP wûn mei 30-17. Yn de earste helte koe LDODK noch aardich bybliuwe: 11-9. Nei it skoft wie der gjin hâlden oan foar de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool. Omdat KZ, de ploech fan âld-LDODK trainer Gerald Aukes mei 25-19 wûn fan Nic, moat it Grinzer Nic in beslissingswedstriid spylje. DeetosSnel is de degradant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)