LDODK bêste sportploech

03 jan 2013 - 19:41
  • LDODK wint fan Dalto

De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk en Terwispel binne útroppen ta bêste sportploech fan 2012. Dat is de útslach fan de ferkiezing dy't tongersdei holden waard by Omrop Fryslân op radio en ynternet. Oan de hân fan de nominaasjes fan harkers wie in trop trije gearstald, mei ek de follybalfroulju fan Snits en de BAM reedridersploech. LDODK krige mei alle reaksjes fan e-mail, ynternet en de voicemail 40% fan de stimmen. Twadde waarden de follybalfroulju fan Snits mei 32% fan de stimmen en it tredde plak wie mei 28% foar de BAM ploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)