LC.nl komt mei betelmuorre

07 jan 2013 - 17:21
  • De webside fan de Ljouwerter Krante

De Ljouwerter Krante komt de kommende maitiid mei in betelmuorre op de website fan 'e krante. Dat hâldt yn dat abonnees fan 'e krante alle krante-artikels sûnder te beteljen online lêze kinne. Wa't gjin abonnee is, moat tenei foar de langere ferhalen betelje.

De krante komt mei de maatregel omdat it meitsjen fan de ferhalen ek jild kostet. It is dêrom net mear as ridlik om foar it lêzen fan de langere stikken in fergoeding te freegjen, seit krante-útjouwer Siebe Annema.

De LC hopet ek jild te fertsjinjen mei de nije maatregel. Dat is nedich omdat de oplage fan de papieren krante achterútbuorket. Annema tinkt dat de Fryske nijskonsumint wol ree wêze sil om foar de langere stikken te beteljen. Hy liedt dat ôf fan it grutte súkses fan de iPad-app fan de Ljouwerter, dy't al mear as 12.000 kear download is. Hy is der dan ek fan oertsjûge dat nei ferrin fan tiid online-abonneminten in goede bydrage leverje sille oan it 'verdienmodel' fan it krantebedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)