LC yn fersekeringen

18 feb 2005 - 11:57

Abonnees fan de Leeuwarder Courant krije tenei koarting at se in fersekering ôfslute by it bedriuw Meeùs. De útjouwer fan de Ljouwerter, de Noordelijke Dagblad Combinatie, docht dat om abonnees fêst te hâlden. Ferline jier ferlear de krante ien prosint fan syn abonnees.

De koarting jildt ûnder oare foar auto- en brânfersekeringen. Foar dizze fersekeringen hoecht 10 oant 20 prosint minder preemje betelle te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)