LC probleemleas nei tabloid

29 sep 2012 - 10:42
  • Earste Ljouwerter Krante op lyts formaat

De oergong fan 'e Ljouwerter Krante fan grut nei lyts formaat is sûnder problemen ferrûn. Freedtenacht om sawat tweintich oer twaen rôle de earste tabloid-LC fan 'e parsen.

It nije formaat is in winsk fan de lêzer, neffens de krante. De krante hat 3000 nije proefabonneminten. Sneon is op it Saailân yn Ljouwert in feestje ta gelegenheid fan 'e tabloid-LC mei de presintaasje fan de earste folslein Frykstalige cd fan De Kast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)