LC moaiste regiokrante Europa

16 nov 2013 - 09:04
  • Leeuwarder Courant

De Ljouwerter Krante is útroppen ta moaiste Europeeske regiokrante fan it jier. Yn 25 lannen binne 211 kranten troch in ynternasjonale sjuery besjoen. De LC wurdt wurdearre om syn moaderne struktuer. Benammen it brûken fan byldmateriaal yn de katernen en it tabloidformaat krigen in soad lof.

De European Newspaper Award wurdt sûnt 1999 útrikt. De priis foar de moaiste lanlike krante is dit jier foar De Volkskrant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)