LC mei 11 oare kranten it net op

18 nov 2000 - 16:41

De Ljouwerter Krante sil op it ynternet yntinsyf gearwurkje mei 11 oare regionale kranten. Dat bart fia it nije bedriuw Regio-i, dêr't ek de Telegraaf oan meidocht. Regio-i wol foar de kranten in on-line fakatuerebank ûntwikkelje.

Ek komme der sites foar de ferkeap fan auto's en huzen. Regio-i sil fierder tagong ta ynternet en e-mail ferkeapje. Regio-i hopet yn 2003 winst te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)