LC: Marja Krans ynformearre ried net folslein oer De Lawei

17 jan 2015 - 10:29
  • De skouboarch hat tydlik yn in nij poadium yn in tinte

De ferantwurdlik wethâlder foar De Lawei hat de ried net folslein ynformearre oer de perikelen by de Drachtster skouboarch. Wethâlder Krans fan Smellingerlân wist folle mear oer de problemen by de ferbou De Lawei as sy de gemeenteried fertelde.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ljouwerter Krante. Op fragen fan in lokale partij waard sawol yn april as july fan ferline jier sein dat der allinnich in probleem wie mei asbest, mar der wie folle mear te rêden.

Troch in berop te dwaan op de WOB (Wet Openbaarheid Bestuur) hat LC-sjoernalist Ton van der Laan stikken ynsjoen dy't dat oantoane. Smellingerlân helle boubedriuw Van Norel fan it wurk wêrnei't de Friso bougroep it wurk oernaam nei in soad komplikaasjes.

Wethâlder Krans seit yn in reaksje dat se net mei opsetsin saken ferswijd hat. Neffens har gie it om in 'bestjoerlike ôfwaging'. De wethâlder fan kultuer tocht lange tiid dat it wol goed komme soe mei de ferbou fan skouboarch De Lawei yn Drachten en hat dêrom wachte mei it ynljochtsjen fan de gemeenteried oer de problemen mei de ferbou. Uteinlik is se der dochs bot fan skrokken dat der safolle gedoch ûntstie oer de ferbou fan De Lawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)