LC letter troch steuring

04 apr 2013 - 09:41
  • Leeuwarder Courant

De Ljouwerter Krante hat woansdei te krijen hân mei in steuring yn de drukkerij. Dêrtroch is yn in part fan de provinsje de krante net op 'e tiid besoarge. In part fan de abonnees yn it noarden fan de provinsje sil de krante nei alle gedachten pas tongersdeitemiddei krije.

De steuring yn de drukkerij ûntstie healwei de produksje. De krante foar it súdlik part fan Fryslân wie doe al drukt. Troch de steuring by de LC wurde ek De Telegraaf en it Frysk Deiblêd letter besoarge. Dat komt omdat se gebrûk meitsje fan deselde besoargers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)