LC giet op yn NDC Mediagroep

01 jun 2007 - 16:09

De Friese Pers, útjouwer fan 'e Ljouwerter Krante, giet fierder ûnder de namme NDC Mediagroep. Dat komt troch in fúzje mei de Hazewinkel Pers yn Grins, útjouwer fan it Dagblad van het Noorden. De kranten wurkje al langer mei-inoar gear. De nije namme moat mear advertearders en mear omset opsmite.

De namme Ljouwerter Krante bliuwt wol bestean. De Friese Pers Boekerij as útjouwer fan boeken bliuwt ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)