LC foar it lêst grut formaat

28 sep 2012 - 13:03

De Ljouwerter Krante komt freed foar it lêst út op grut formaat. Fan sneon ôf ferskynt de krante op tabloidformaat. Dat is foaral in winsk fan de lêzers fan de Ljouwerter.

De krante folget it foarbyld fan it grutste part fan de lanlike en regionale deiblêden. Dy binne hast allegear oer op it lytsere formaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)