LC en FD ferlieze opnij lêzers

03 jan 2013 - 10:49
  • It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante

De Ljouwerter Krante hat yn it tredde fearnsjier fan 2012 opnij lêzers ferlern. Dat docht bliken út de oplagesifers fan it ûndersyksynstitút HOI. Yn it tredde fearnsjier wiene der goed 72.000 betelle abonneminten, in jier earder wiene dat 5500 mear, in delgong fan 7 persint.

Sûnt sneon 29 septimber ferskynt de LC op it nije tabloidformaat. In mooglik effekt dêrfan is noch net yn dizze sifers werom te sjen. Opfallend is wol dat ek de digitale edysje fan de LC minder belangstelling lûkt. Dêr is de delgong likernôch 13 persint.

Ek it Friesch Dagblad ferlear lêzers. Dêr sakke it tal betelle abonneminten mei 6 persint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)