LC-debat "De Avond van de Krimp" mei minister Stef Blok

16 nov 2015 - 20:17

Fryslân krimpt. Tink mar oan dy iene doarpsbasisskoalle dy’t tichtgiet en de leechsteande winkels yn it sintrum fan de stêd. Mar wat is no de oplossing? Dêroer giet de 'Avond van de Krimp', in debat organisearre troch de Ljouwerter Krante.

Ferskate politike kopstikken geane dêroer mei-inoar yn debat yn it atrium fan it LC-gebou. De sprekkers binne minister fan Wenjen en Rykstsjinst Stef Blok, heechlearaar steatsrjocht Hans Engels, Herwil van Gelder, wethâlder yn krimpgemeente De Marne en Anke Huizenga, bestjoerder by ZuidOost-Zorg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)