Laweiplein net mear glêd

31 okt 2005 - 16:43

De problemen mei de glêde stiennen op it Laweiplein yn Drachten binne oer. De glêdens waard feroarsake troch de fontein op it plein. Dy spuite it wetter op de stiennen, wêrtroch't der algen begongen te groeien, dy't soargje foar glêdens.

Ferskate minsken kamen dêrtroch te fallen. De gemeente Smellingerlân docht no sûnt koart in bytsje gloar troch it wetter. Dat makket de algen dea, sadat it no dien is mei de glêdens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)