Lawei set plannen troch

12 mrt 2010 - 11:12
  • De Lawei yn Drachten

De Lawei set de nijbouplannen troch, mar mooglik op lytsere skaal. Dat seit direkteur Avezaat fan 'e Drachtster skouboarch. Der soe in nij kultureel sintrum komme mei ferskate ynstellings, mar der is in gat fan 9 miljoen. De provinsje hat de subsydzje ynlutsen, want it jild fan it SNN, it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân komt der net. Skoalle De Friese Poort soe him no ek weromlûke wolle.

Wat noch mooglik is, moat bliken dwaan út oerlis mei de gemeente en oaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)