Lawei presintearret nij program

24 maaie 2004 - 00:00

Theater De Lawei yn Drachten besteget takom jier maaie in wike lang omtinken oan 60 jier befrijing. Dat bart ûnder mear mei tonielfoarstellings, in minimusical en konserten. It teater yn Drachten presintearre moandei al de programmagids foar it nije seizoen.

It nije teaterjier wurdt ôfsletten mei in foarstelling fan de fameuze New Yorkse groep STOMP! Wat opfalt is dat al yn it foar de trije foarstellings fan Bert Visscher útferkocht binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)