Lawei op 'e kop ôf 50 jier

20 maaie 2010 - 16:30

Skouboarch De Lawei yn Drachten bestiet tongersdei presys fyftich jier. Op 20 maaie 1960 giene de doarren fan 'e kultuertimpel iepen. Dat wurdt fierd mei in konsert en mei fjoerwurk.

Direkteur fan 'e earste oere, Roel Oostra (no 88) is earegast op it feest. Hy hat der altyd mei in protte nocht wurke. Stef Avezaath is no direkteur fan De Lawei. Hy tinkt dat De Lawei yn 'e takomst mear gearwurkje moat mei oare Fryske teaters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)