Lawei nimt foarstellings fallyt teater Grins oer

25 mrt 2015 - 07:33

Skouboarch De Lawei yn Drachten nimt inkelde foarstellings oer fan it Grand Theatre yn Grins. Dat meldt RTV Noord. It teater op de Grote Markt yn it sintrum fan Grins is fallyt ferklearre. Om te soargjen dat minsken dy't in kaartsje kocht hienen de foarstelling dochs sjen kinne, wurdt no útwykt nei oare teaters.

Yn De Lawei binne meikoarten ûnder oaren de foarstellings Oom Wanja en Tanizaki te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)