Lawei: gjin foarferkeap mear

19 maaie 2010 - 16:42

De Lawei yn Drachten ferkeapet foar it nije teaterseizoen inkeld kaarten fia ynternet of oan de baly. Foarferkeap en lotting fan kaarten wurdt ôfskaft. De lêste jierren binne foarstellings amper mear útferkocht dus lotting is net nedich.

De direkteur hopet mei direkte ferkeap op mear ferkochte kaarten. De nije seizoensbrosjuere wurdt net mear hûs-oan-hûs yn de regio Drachten ferspraat. De teatergids wurdt dizze wike by fêste besikers besoarge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)