Lawaaioptocht yn Rinsumageast

06 nov 2008 - 10:29

De bern fan skoalle de Tarissing yn Rinsumageast hawwe tongersdei in lawaaioptocht holden om hearre te litten dat se hiel bliid binne mei it beslút foar nijbou.

De skoalle wurdt ûnderdiel fan in multyfunksjoneel sintrum mei dêryn ek it doarpshûs dat foarich jier ôfbaarnd is, it pjutteboartersplak, in sporthal en de tsjerke. Oer in jier moat de skoalle klear wêze. De skoalle is neffens direkteur Daane ek echt oan nijbou ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)