Laven wint triatlon fan Drachten

22 jul 2000 - 19:19

André Laven hat sneon foar de tredde kear achterinoar de triatlon yn syn eigen wenplak wûn. Hy die 1.54.37 oer de 1500 meter swimmen, 40 kilometer fytsen en 10 kilometer draven.

Twadde waard Frank Heldoorn út Huizen en tredde Jelle-Koen Bijlsma út Gytsjerk. Bêste frou wie Bianca van Dijk út Utrecht. De triatlon fan Drachten hie 113 dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)