Laven Frysk kampioen triatlon

23 aug 2003 - 00:00

It iepen Frysk kampioenskip triatlon yn Drachten is sneontemoarn wûn troch Dave Rost. Twadde waard André Laven fan Drachten. De Drachtster Menno Iedema waard tredde. De wedstriid waard organisearre troch DZenPC.

De dielnimmers moasten 1,5 kilometer swimme, 40 kilometer fytse en 10 kilometer hurdrinne. André Laven is mei syn twadde plak Frysk kampioen triatlon wurden, Menno Iedema twadde en Tido Tinga tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)