Lauwersmar wurdt Nasjonaal Park

12 nov 2003 - 00:00

Woansdei hat it Lauwersmargebiet de offisjele status fan Nasjonaal Park krigen. Mar it hast 6000 bunder grutte natuergebiet driget de unike kenmerken fan in Waad-lânskip wer kwyt te reitsjen. It gerslân wurdt oerwoekere troch struken en boskjes.

It ynstitút Nasjonaal Park wol dy wyldgroei bestride mei sâlt seewetter. Steatsboskbehear hat in oare oplossing: in kudde fan 300 wisents (Europeeske bizon of ko) weidzje litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)