Lauwersmar is sâlt wetter nedich

23 apr 2005 - 12:24

Sûnder it ynlitten fan sâlt wetter kin it Lauwersmargebiet mooglik gjin nasjonaal park bliuwe. It sâlte wetter wie ien fan de betingsten om nasjonaal park te wurden.

Provinsje en wetterskippen ha in plan foar in ekstra gemaal om it wetter út de Lauwersmar wei te pompen. Dat stiet heaks op it ynlitten fan sâlt wetter. Staatsbosbeheer en oare organisaasjes presenteare freed in alternatyf plan, méi it ynlitten fan sâlt wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)