Lauwershage stiet faai

03 jan 2012 - 10:36

It liket hielendal net goed te gean mei it projekt Lauwershage op it terrein fan it eardere Muiden Chemie yn de Kollumerwaard. Boargemaster Bilker fan Kollumerlân neamt de plannen fan ûntwikkeler Phanos foar de bou fan it fakânsjepark dêr as in foarbyld fan projekten dy't net trochgean omdat der net genôch jild foar is. It wie de bedoeling de wenten te kombinearjen mei it oanbieden fan soarch, mar dy doelgroep is der neffens Bilker hielendal net mear.

De boargemaster hat ek noed oer it jild dat de gemeenten krije fan it Ryk. Omdat gemeenten hieltiid mear dwaan moatte.

De boargemaster hat ek noed oer it jild dat de gemeenten krije fan it Ryk. Gemeenten moatte hieltiid mear dwaan foar minder jild, dêreom fynt hy it tiid foar in eigen gemeentlik belestingsysteem. Bilker tinkt dêrby oan in heffing om spesifike saken bouwe te kinnen, lykas in skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)