Lauwerseach: strannen oanpakt

25 jan 2007 - 10:09
  • Dit moat foar in part sânstrân wurde

De strannen by Lauwerseach wurde dizze simmer opknapt. Earst wurde de parkearterreinen oanpakt. Dêr wurdt in diel fan de beammen kapt en ek oar grien wurdt fuorthelle. Sa moat it sicht op de strannen ferbettere wurde.

It opknappen fan de strannen kostet 2,4 miljoen euro. It grutste diel fan dat jild komt fan de provinsje Grinslân en de gemeente De Marne. De strannen bliuwe fergees, parkeare kostet op termyn mooglik wol jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)