Laurus hâldt betrouwen yn Konmar

12 jul 2001 - 00:00

Topman Van der Straten fan supermerkkonsern Laurus jout ta der by de ombou fan 'e Konmar-supermerken flaters makke binne. In soad produkten wiene te djoer, guon produkten wiene minder farsk as heart en der wiene tefolle lege skappen.

Dat blykt út 'e evaluaasje fan 'e earste moannen fan Konmar. Mar neffens Van der Straten giet it op it stuit de goeie kant op, de omset soe al wer tanimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)