Laurus: 20% omsetferlies

01 des 2001 - 00:00

De mislearre operaasje om supermerken om te bouwen ta Konmar, hat memmebedriuw Laurus 20 persint oan omset koste. Dat docht bliken út in ûndersyk fan buro GFK Panelservices.

Yn july fan dit jier melde Laurus noch dat der mar in ferlies fan 8 persint ferwachte waard. Neffens GFK ha benammen Albert Heijn en C-1000 profitearre fan it Konmar-fiasko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)