Last minutes boeke yn Eelde

30 maaie 2003 - 00:00

Friezen dy't altyd noch ris fleane wolle, kinne no sneon telâne op Fleanfjild Eelde. Dêr wurdt fan 11.00 oant 16.00 oere de Last Minute Fleanfakânsjemerk hâlden. Yn 'e terminal kinne fuortendaliks reizen boekt wurde by ferskate touroperators.

Foar de bern binne der ek ferskate aktiviteiten en der wurde 3 rûnflechten ferlotte ûnder de besikers. Minsken dy't dat doarre, kinne harsels lansearje yn 'e 'springende ballon'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)