Laskwestryd VMBO'ers yn Kollum

02 feb 2012 - 14:05

Yn Kollum stride tongersdei njoggen VMBO-learlingen út Fryslân, Grinslân en Drinte foar in plak yn de finale fan de 'Bêste VMBO-lasker fan Nederlân 2012'. Yn it technyklokaal fan it Lauwers College moatte de dielnimmers in keunstwurk fan metaal meitsje. In strange karmaster beoardielet it wurk.

De twa bêste learlinglaskers geane troch nei de finale. De wedstryd wurdt foar de santjinde kear organisearre troch de Lasgroep Noord. Foar it earst is de striid op de VMBO-skoalle fan it Lauwers College.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)