Laserguns yn doarpen Kollumerlân

20 okt 2000 - 16:00

De gemeente Kollumerlân stelt fjouwertûzen gûne beskikber foar de oanskaf fan laserguns. De rie gong dêr tongersdei mei akkoart. VVD en FNP hienen krityk op de gemeentlike bydrage. Neffens har moat de plysje de apparaten sels keapje.

Laserguns mjitte de faasje fan auto's. De plysje wol se foaral yn de doarpen brûke. Ynwenners fan alle doarpen kleie der oer dat auto's te hurd ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)