Lasergun tsjin blau-alch

05 aug 2013 - 20:43

Wetterskippen, gemeenten en provinsjes kinne in soad jild op laboratoariumûndersyk nei algen besparje troch in apparaat dat it Snitser bedriuw BlueLeg Monitor útfûn hat. Dat apparaat sjocht der út as in soarte fan lasergun fan de plysje. Je hoege dat apparaat allinnich mar op it wetter te rjochtsjen en dan wurdt metten hoefolle blau-alch oft yn it wetter sit. Gewoanwei binne dêr lange ûndersiken foar nedich.

Direkteur Hans Wouters hat hege ferwachtingen fan it apparaat. Sa soe it ynspeksjes fan Rykswettersteat foar in part ferfange kinne.

Der binne yntusken inkelde tsientallen klanten foar it apparaat. Dat kostet likernôch 25.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)