Larven meitsje woestyn fan sportfjilden Drachtster Boys

26 aug 2015 - 11:57
  • It fjild fan Drachtster Boys is oantaaste troch rûpen

Fuotbalklup Drachtster Boys hat op 'e nij lêst fan larven op de fjilden. Ien fjild liket wol in woestyn. Dêr is dan ek net op te spyljen oant oktober. Ek op it haadfjild fan de grutte feriening kin noch net spile wurde. Dat betsjut in hiele puzel foar de haad wedstrydsaken de kommende wiken om it hiele wedstrydprogramma ôf te wurkjen.

Foarich jier moast Drachtster Boys mar leafst trije fjilden slute yn ferbân mei de larve.

Neffens bestjoerslid Freek Nieuwenhuis fan Drachtster Boys is der ûnder oaren in strange winter nedich om wer hielendal fan it probleem ôf te kommen. De kosten om der foar te soargjen dat der wer op fuotballe wurde kin rinne yntusken aardich op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)