Larven behinderje spyljen op fjild Drachtster Boys

10 sep 2015 - 19:14
  • It fjild fan Drachtster Boys is oantaaste troch rûpen

De fuotbalwedstriid tusken Drachtster Boys en SVZW yn de haadklasse giet sneon net troch. Larven soargje der foar dat der net op it haadfjild fan de Drachtster klup spile wurde kin. Drachtster Boys hat al foar it twadde jier op rige lêst fan larven.

De fjilden binne bot oantaaste troch it bistje. It is net feilich foar de spilers om op de fjilden te fuotbaljen. Boppedat soe de kwaliteit fan it fjild dêr noch minder fan wurde. De gemeente Smellingerlân en Drachtster Boys sille der de kommende twa wiken alles oan dwaan it euvel op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)