Larsson presintearre by H'fean

18 aug 2014 - 15:43
  • Sam Larsson
  • Hans Vonk en de nije oanwinst Sam Larsson

Sportklup Hearrenfean hat moandei Sam Larsson presintearre. De 21-jierrige Sweed hat in kontrakt tekene foar fjouwer jier mei in opsje foar noch in jier.

Larsson komt oer fan IFK Göteborg. Ferline jier spile hy 29 wedstriden. Dêryn skoarde hy fjouwer kear en joech hy acht assists. Hy spile yn Sweden yn it nasjonale team ûnder de 19 en ûnder de 21 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)