Larsson en St. Juste fraachteken foar Heracles

01 okt 2015 - 13:05
  • Sam Larsson

It is ûnwis oft Sam Larsson en Jerry St. Juste freed yn de útwedstriid tsjin Heracles meidwaan kinne. Larsson hat allinnich hjoed meitraind en freed sjogge se oft hy goed hersteld is fan in kûtblessuere. St. Juste hat de hiele wike net meitrand. Hy krige yn de wedstriid tsjin Vitesse in tik op syn ankel.

Mitchell te Vrede hat de hiele wike meitraind, mar syn ankel is noch wol altyd wat dik. Jordy Buijs hat wol folslein meitraind, mar sil noch net by de seleksje sitte. Fierder binne der noch blessures foar Van Aken, Schmidt en Namli.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)