Laptops stellen yn Goaiïngaryp

08 des 2009 - 10:28

De plysje hat ôfrûne nacht in man (39) út Goaiïngaryp oanholden op fertinking fan ynbraak. In frou (19) belle de plysje dat der twa laptops út har wenning stellen wiene. Se hie glêsgerinkel yn de keuken heard en ûnder seach se dat it rút fan de doar fernield wie.

In buorfrou hie ien by de doar sjoen dy't fuortfytst wie. Se joech in sinjalemint, wêrnei't de plysje de fertochte al gau oanhâlde koe. Hy is foar fierder ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)