Laptops stellen út wenhuzen

08 jan 2012 - 14:14

By ferskate ynbraken yn de provinsje hawwe dieven dit wykein laptops en oar guod meinaam. Op It Hearrenfean hawwe se in rút ynslein om yn de wente te kommen. De ynbraak hat west tusken 22 desimber en 7 jannewaris, mar waard no pas ûntdutsen.

Ut in wente yn Burgum waarden twa laptops meinaam. Dêr is ek in rút iepenbrutsen om deryn te kommen. Yn Noardburgum waard ek in laptop stellen. De bewenner mist boppedat in klûs mei jild en in televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)