Laptops doel by wykeinynbraken

19 feb 2008 - 09:59

Der is ôfrûne wykein op ferskate plakken yn de provinsje ynbrutsen. Foaral laptops wiene it doel. Fierder waard der yn Ljouwert by in ynbraak in auto stellen. Yn Achlum waard út in wenhûs neist in laptop ek noch in digitale kamera, in fideokamera en jild stellen.

Yn Koudum is it wykein in kontener iepenbrutsen op in bouterrein oan de Spoarloane. Derby is it nedige ark stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)