Laptopdief oppakt yn Ljouwert

21 aug 2009 - 10:27

Mei de oanhâlding fan in Ljouwerter (23) hat de plysje de stellerij fan tritich laptops oplost. De fertochte wie sûnt maart fan dit jier benammen aktyf yn skoallen. De Ljouwerter waard op 'e die betrape troch in meiwurker fan in skoalle. Hy koe noch wol fuort komme, mar rekke dêrby syn tas mei dêryn syn persoansgegevens kwyt.

De fertochte koe doe frij maklik oanholden wurde en sit noch hieltyd fêst. Der binne yntusken mear oanjeftes binnenkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)