Laptop stellen; plantaazje fûn

07 nov 2008 - 20:07

Ut in wenning oan De Bartlehiem yn Wyns is freed ferskate apparatuer stellen. It giet ûnder oare om in laptop, in televyzje en in home cinema set. De ynbrekker koe it hûs ynkomme troch in rút yn te slaan. Dêrnei waard it hiele hûs trochsocht.

Yn in hûs oan De Bolder yn Drachten hat de plysje in hennepplantaazje mei rom 900 planten oprôle. De plantaazje waard fûn nei in tip. De planten en byhearrende apparatuer binne ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)