'Lânynrjochting wurdt dreger'

14 nov 2004 - 17:06

It wurdt hieltyd dreger om nije natuergebieten yn te rjochtsjen. Dy ûnderfining hat Steatsboskbehear. Trochdat lânynrjochtingsprojekten jierrenlang duorje, komme der geandewei hieltyd mear rekreaasje- en natuerwinsken by, lykas in nij fytspaad.

Oan de ein fan de rit bliuwt der dan meastentiids net genôch jild oer om it gebiet goed yn te rjochtsjen. Natuerorganisaasjes wolle better by lânynrochtingsprojekten belutsen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)