Lânynrjochting Appelskea klear

09 maaie 2014 - 20:36

Mei in lyts feestje is it lânynrjochtingsprojekt Easterwâlde-Elsloo-Appelskea freed nei 12 jier ôfsletten. Yn 2002 waard yn opdracht fan de provinsje Fryslân úteinset mei de oankeap fan goed 3.000 bunder grûn rûnom de trije doarpen.

Troch de grûn te ferruiljen en agraryske bedriuwen te ferpleatsen, ûntstie der romte foar 141 bunder natoergebiet. Doel wie om de natoer yn te rjochtsjen as ûnderdiel fan de Ekologyske Haadstruktuer, dêr't ferskate natoergebieten yn Nederlân meiinoar yn ferbining stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)